Skuorre folslein ôfbaarnd

(foto: Alex Zwart, HV Nieuws)
In skuorre oan de Woudsterweg op It Hearrenfean is sneontejûn folslein ôfbaarnd. Buorlju ûntdutsen it fjoer en bellen fuort de brânwacht. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net tefoaren komme dat de skuorre folslein ferlern gie.
De eigner fertelde dat yn it hok folde gasflessen stienen. De plysje sette dêrom de omjouwing ôf. Nei alle gedachten is by de brân asbest frijkaam. De oarsaak fan de brân is net bekend.