Plysje pakt dieven yn Ljouwert

De plysje hat sneontejûn twa Ljouwerters oanhâlden. De man (30) en frou (22) wurde fertocht fan stellerij. Personiel fan in winkel oan De Centrale seach dat de fertochten guod meinamen. Se hâlden it duo oan en bellen de plysje. It die bliken dat se in preparearre tas by har hienen mei dêryn twa Ipads en in softwarepakket.
De fertochten binne nei it buro oerbrocht. Se ha in proses-ferbaal krigen.