Stienzer yn sleat Foudgum
In man (64) út Stiens rekke sneontejûn ferwûne by in ûngelok. Hy rekke troch ûnbekende oarsaak op de Pybemawei by Foudgum fan de dyk. Hy kaam yn de sleat telâne. De bestjoerder koe sels út de auto komme. Hy wie ûnderkuolle en is nei it sikehûs yn Dokkum brocht.
Dûkers fan de brânwacht sochten nei eventuele oare ynsittenden. Dy binne net oantroffen.