SCO krekt sterker as Drachten

29 jan 2011 - 22:22

De kuorballers fan SCO ha mei 18-16 de punten yn en fan Drachten pakt. De wedstriid yn de ûnderein fan de haadklasse begûn goed foar de thúsploech. Binnen tsien minuten wie it 6-2. By it skoft stie it 9-5 foar de Drachtsters. Yn de twadde helte rûn it oanfallend folle better by SCO. It waard 15-15 en doe drukte SCO troch.

Mid-Fryslân koe yn Den Haach de oanfalskrêft fan Eibernest net oan bannen lizze. Healwei wie it 14-9, de einstân waard 24-18 foar Eibernest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)