Bouwmeester fiifde yn einstân

29 jan 2011 - 20:24

Marit Bouwmeester is yn Miami fiifde wurden yn de einstân fan de twadde wrâldbeker fan it seizoen. Yn de ôfslutende medaljerace yn de Laser Radial, de finale tusken de bêste tsien, waard de sylster út Warten achtste. De Fransêze Sarah Steyaert wûn de medaljerace. Paige Railey (Amearika) waard twadde en pakte mei rom ferskil de einoerwinning.

De Fryske topsylster siet op tongersdei yn in wynstilte, op freed bruts har roer en starte se te betiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)