Plysje fynt wapens yn Waskemar

29 jan 2011 - 15:26

De plysje hat freed wapens en hûndert kilo yllegaal fjoerwurk fûn yn in hûs yn Waskemar. Twa bewenners wiene earder al oanhâlden. Se waarden fertocht fan it stellen fan in oanhingwein.

De plysje besleat ûndersyk te dwaan yn it hûs fan de fertochten. Dêrby fûnen se lawinepylken, strikers, nitraatcrackers, fjoerwapens, kûgelgewearen, pistoalen en luchtdrukpistoalen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)