Huisman-feestje op Weissensee

29 jan 2011 - 15:10

Mariska en Sjoerd Huisman ha sneon op de Weissensee de Aart Koopmans Memorial wûn. Beide Noard-Hollanners wiene de rapste yn de massasprint. Sjoerd Huisman fersloech nei 100 km syn ploechmaat Karlo Timmerman en Christijn Groeneveld. Douwe de Vries waard fiifde, Arjan Stroetinga sechsde.

Mariska Huisman wie nei 80 km rapper as Carla Zielman fan Rottum en Daniëlle Bekkering. Margo van de Merwe fan Wolvegea waard sechsde, Maria Sterk fan Hallum sânde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)