Bob de Jong wint, oare Bob 6e
Bob de Jong hat yn Moskou by de wrâldbeker wer ris taslein op de 5000 meter. Yn de lêste rit tsjin Europeesk kampioen Ivan Skobrev sette it lid fan de BAM-ploech fan Jillert Anema 6.19,43 del. Skobrev einige yn 6.21,16 as twadde. Havard Bøkko waard tredde yn 6.22,79.
Bob de Vries waard sechsde yn 6.25,99. Jorrit Bergsma, krekt as de beide Bob's lid fan de BAM-formaasje kaam net yn aksje. De ynwenner fan Aldeboarn hie koarts.