Auto yn wetter by Muntsjesyl

(foto Jan Beets 112 Groningen)
By in ûngelok op de Olde Borchweg by Muntsjesyl rekke sneontemiddei in auto op de kop yn it wetter. Yn de auto sieten in mem (45) en har dochter (11) út Boerum. Twa Muntsjesiler mannen lutsen de wein mei in trekker op de kant. De frou wie yn in slip rekke.
Helptsjinsten lykas traumahely en dûkers fan de brânwacht waarden oproppen en befrijden de ynsittenden. It famke is yn kritike tastân nei it UMCG brocht. De mem wie ûnderkuolle en moast ek nei it sikehûs.