Wüst twadde, Leenstra fjirde
Ireen Wüst is twadde wurden op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Moskou. Har tiid 1.56,93 wie krekt net genôch om Christine Nesbitt te ferslaan. De Kanadese ried 1.56,80.
Marrit Leenstra helle it poadium krekt net. Se ried 1.57,56. Europeesk kampioene Martina Sábliková wie mei 1.57,51 krekt rapper.