Utslaande brân yn Arum

Oan de Sytzamawei yn Arum hat yn de nacht fan freed op sneon in grutte útslaande brân west. De bewenners waarden wekker fan in brânlucht en binne fuortendaalks mei de twa bern nei bûten gien. Doe't de brânwacht oankaam wie it al in útslaande brân. De earste ferdjipping en de souder binne folslein útbaarnd.
De brânwacht hat de hiele nacht noch dwaande west mei it neiblussen. By de brân rekke net ien ferwûne.