Bouwmeester sakket yn Miami

Marit Bouwmeester (argyffoto: Thom Touw)
Marit Bouwmeester hat har kânsen op wrâldbekerwinst yn Miami ferspile. Yn de tsiende race krige de sylster út Warten in 'OCS', in te betide start achter har namme. Dêrfoar hie se noch in achtste en njoggende plak besyld.
Yn it klassemint sakke Bouwmeester nei it fiifde plak. Se hat no 67 punten. De Amerikaanse Paige Railey is earste mei 29 punten. Evi van Acker (België) hat 48 en de Fransêze Sarah Steyaert 54. Sneon is de medaljerace, de bêste tsien sile dan mei dûbele punten.