Nij stek foar iisbaan Boalsert

28 jan 2011 - 21:41

De iisbaan yn Boalsert hat lang om let in nij stek. Ein ferline jier stapte it bestjoer fan de iisbaanferiening op nei in langduorjend konflikt mei de gemeente. Dy wegere in stek om de hiele iisbaan del te setten, omdat dat it iepen karakter fan it terrein oantaaste soe. No is der diels in nij stek kaam, dat betelle is troch de gemeente. Troch de froast fan de ôfrûne dagen giet de iisbaan sneon wer iepen, no noch efkes fergees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)