Ynstruksjes lanlik ynfierd

28 jan 2011 - 21:12

Ynstruksjes foar it brûken fan longmedisinen fan sikehûs De Tjongerskâns wurkje sa goed dat se no lanlik ynfierd wurde. Dêrmei krije pasjinten mei astma of COPD tenei oeral deselde útlis oer it brûken fan in ynhalator.

Der binne in soad ferskillende ynhalators en gebrûksoanwizings en pasjinten krije dêr ek ferskillende ynstruksjes oer. Dêrtroch wurde longmedisinen troch 70 persint fan de pasjinten net goed brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)