Auto skept fytster yn Snits

28 jan 2011 - 20:35

By in ûngelok op de Oppenhuizerwei yn Snits is freedtemiddei in 70-jierrige fytster ferwûne rekke oan de holle. De traumahelikopter waard ek ynskeakele, mar it slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn de stêd brocht.

It ûngelok ûntstie neidat in 32-jierrige automobilist de fytster ynhelje woe, wylst dy linksôf gie. Dêrby foel it slachtoffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)