Auto oer de kop yn Sint Jabik

28 jan 2011 - 20:23

In 26-jierrige automobiliste út Sint Jabik is freedtemiddei mei har auto oer de kop slein. It ûngelok fûn plak op de Geert Veenhuizenstrjitte. De frou liet de plysje witte dat ien fan har bern tsjin har prate. Hjirop seach de frou om. Dêrnei botste se tsjin in auto dy't parkeard stie. Fia de stoepe kaam de auto op syn dak telâne.

Ien fan de bern, in 6-jierrich famke, is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. De frou en in oar bern kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)