Baangarânsje oplieding plysje

Learlingen dy't de plysje-oplieding fan ROC Friese Poort folgje wolle, krije de gâransje fan in baan by de plysje Fryslân. Se moatte dan wol troch de seleksjeproseduere komme en de oplieding ôfmeitsje. Dat waard freedtemiddei bekendmakke by de Iepen Dagen fan de Friese Poort. Yn maart sil dêrfoar in konvenant tekene wurde.
Op dit stuit is der in faktatuerestop by de plysje Fryslân, mar op langere termyn binne der wer minsken nedich.