Earste foto jonkje Doutzen

28 jan 2011 - 17:26

De earste foto fan it jonkje fan Doutzen Kroes is freedtemiddei op Twitter set troch de mem sels. Doutzen is tige grutsk en set der yn it Frysk by 'sa wiis mei ús jonkje'.

Phyllon Joy Gorré waard berne op 21 jannewaris yn Amsterdam. Syn heit is dj Sunnery James. Doutzen hat foar Phyllon in eigen Twitteraccount oanmakke. 'Sels' hat it jonkje derby set: Here's my picture. Thanks to daddy and mummy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)