Taart foar fûgelspotters

Sykje om de eksterspjocht
Steatsboskbehear jout in taart as beleanning foar de earste dy't bewize kin dat de seldsume eksterspjocht yn nasjonaal park it Lauwersmar sit. De fûgel is al sjoen troch in saakkundige fan 'e natoerorganisaasje sels, mar krekt net lang genôch.
De eksterspjocht hjit yn it Hollânsk de 'middelste bonte specht'. Hy kaam oarspronklik allinnich yn Limboarch foar as briedfûgel. De fûgel sit benammen yn East-Europa en nei alle gedachten no ek yn it Lauwersmargebiet.