Lykspul froulju Hearrenfean

28 jan 2011 - 15:27

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdei yn Alkmaar twa djoere punten lizze litten by AZ. Flak foar tiid waard in 2-1 foarsprong noch út hannen jûn. Fanwege it 2-2 lykspul ferlieze de Feansters de kopposysje op de ranglist oan Twente. Dy ploech wûn mei 2-0 fan Zwolle.

Hearrenfean wie de bettere ploech. Dat waard útdrukt troch doelpunten fan Shanice van de Sanden en Sherida Spitse. Yn it lêste kertier gie it mis en koe AZ noch twa kear skoare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)