Mem bedrige by skoalle

In man út Kollumersweach is thús oanhâlden nei't er twa froulju bedrige hie. By in skoalle hie er rûzje krige mei harren. De man moast dêr remje foar in jonkje dat ûnferwachts de wei oerstuts. Hy krige dêrnei spul mei de mem en in oare frou en bedrige harren. Hy folge beide froulju dêrby hinderlik.
By syn oanhâlding die bliken dat de man gjin rydbewiis hie. Dêrom is syn auto yn beslach naam. De bern dy't de rûzje seagen, krije slachtofferhelp.