Mishanneling yn Boalsert

28 jan 2011 - 10:30

De plysje hat yn 'e nacht fan tongersdei op freed twa Boalserters oanhâlden fanwege in mishanneling yn in kafee yn harren eigen wenplak. De twa soene twa ynwenners fan Wytmarsum mishannele hawwe. Ien fan 'e twa moast him behannelje litte troch in dokter.

Wat de reden fan 'e mishanneling wie, is noch ûndúdlik. De fertochten en de slachtoffers wiene te dronken om wiidweidich mei te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)