Sierfûgels út tún stellen

28 jan 2011 - 10:11

De plysje ûndersiket de stellerij fan einen, guozzen en swannen fan in hobbyboer yn Skingen. De bisten waarden tongersdei stellen út in tún achter in wenning oan de Anemawei. It giet ûnder oare om mandaryn-einen, muskes-einen, swarte swannen en pauguozzen. De dief of dieven namen ek itensbakken fan 'e bisten mei.

De plysje is noch op syk nei de dieder of dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)