Ferhuzing Piter Jelles útsteld

Skoallemienskip Piter Jelles stelt de ferhuzing fan de ûnderbou fan de ôfdieling Impulse yn Ljouwert foarearst út. Doel wie de leechste trije klassen fan de oplieding nei de simmerfakânsje ûnder te bringen yn it gebou fan Piter Jelles Montessori oan de Douwe Kalmaleane yn Ljouwert, de heechste klassen ferhuzen dêr ôfrûne simmer al hinne.
De skoallemienskip hat lykwols besletten om dy lêste ferhuzing earst better te evaluearjen.