Mear harten yn Surhuzum

De gemeente makke Surhuzum bliid
It hartekamp yn Surhuzum wurdt útwreide. De gemeente Achtkarspelen stelt hjir goed 20.000 euro foar beskikber. Pleatslik Belang Surhuzum woe dit hiel graach. De harten krije no mear romte om te libjen en dêrtroch hoege se minder byfuorre te wurden. Yn july wurdt fan start gien mei de klus. It kamp is no sa'n 2.500 m2 en dat wurdt goed 3000 kante meter.
It jild foar de útwreiding komt frij út de opbringsten fan de grûn fan in earder boartersterrein yn it doarp.