Biketeams foar It Hearrenfean

27 jan 2011 - 17:12
  • De fyts: fluch en handich

De plysje set tenei spesjale biketeams yn by wedstriden fan SC Hearrenfean. Sa wurdt it makliker om ferskate plakken tagelyk yn de gaten te halden. De plysjeminsken binne op de fyts flugger as rinnende, mar ek flugger as mei de auto, omdat se gjin lêst hawwe fan ferkear. Sa kin de plysje meardere supportersgroepen yn de gaten halde.

By oare eveneminten en op sneontejun sil it biketeam ek ynsetten wurde. Ljouwert, Snits en Dokkum hawwe ek al biketeams.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)