Winst foar Univé Dichtbij

It bedriuw Univé Dichtbij op It Hearrenfean hat yn 2010 in winst makke fan goed 2,5 miljoen euro. Univé Dichtbij is ferline jier ûntstien út in fúzje tusken Univé Fryslân en Univé Drinte-Oerisel.
It bedriuw is tefreden mei de winst oer 2010, omdat der nochal in soad feroare is mei de komst fan de nije organisaasje. Foar dit jier is de winstferwachting in stik heger.