Minder oerslach haven Harns

In skip wurdt laden yn de Harnzer haven (foto: Omrop Fryslân)
Der binne yn de haven fan Harns yn 2010 folle minder konteners ferwurke as yn 2009. It ferskil is 3.500 stiks. De binnenskipfeart lit it ek ôfwitte, dêr is 15% minder oerslein. Meielkoar is der yn 2010 4% minder guod oerslein yn de Harnzer haven.
De foargeande twa jierren wie de weromrin lykwols noch folle grutter, dus is de gemeente hjir noch wol bliid mei. De gemeente wol mear ynsette op de binnenfeart en in better imago foar de konteneroerslach.