Fallite taksybedriuwen oernaam

27 jan 2011 - 15:30

De fallite taksybedriuwen Taxicentrale Zuidwest Friesland en Personenvervoer Noordwest Friesland wurde oernaam. Dat hat de nije eigner Vervoerscombinatie Friesland bekend makke. Dy wurdt op 14 febrewaris eigner, oant dy tiid is de kurator ferantwurdlik foar de bedriuwsfiering.

Doel fan de nije eigner is de besteande aktiviteiten safolle mooglik troch te setten. Fan de 160 minsken geane yn alle gefallen 41 mei nei de nije eigner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)