Wol heger berop oer Sahar

Sahar en har famylje bliuwe yn spanning
Minister Leers giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochtbank oer Sahar en har famylje. De rjochtbank oardielde foarige wike dat Leers mei bettere arguminten komme moat om har werom te stjoeren.
Leers hat begryp foar de situaasje fan Sahar, mar freget him ôf oft 'herhaaldelijk procederen' reden wêze moat foar ferbliuw. Leers sjocht yn de saak Sahar gjin oanlieding om gebrûk te meitsjen fan syn foech om hjir in útsûndering te meitsjen