Jong Oranje: Dost en Narsingh

De Hearrenfeanspilers Bas Dost en Luciano Narsingh binne opnaam yn de foarlopige seleksje fan Jong Oranje. Bûnscoach Cor Pot hat se oproppen foar de oefenwedstriid op 9 febrewaris tsjin Jong Turkije.
Bûnscoach Bert van Marwijk hat dan wol gjin Hearrenfeanspilers oproppen, hy hat wol oanjûn dat hy Roy Beerens en Bas Dost goed yn de gaten hâldt.