Panters oefenje foar ferhuzing

27 jan 2011 - 13:01

De tigers, panters en liuwen fan Pantera bin al drok oan it oefenjen foar de ferhuzing nei Anna Palowna yn Noard-Hollân. Sa wurde se traind om sûnder ferdôving yn in transportkoai te stappen. It giet om 27 bisten. De fundearring foar it nije ûnderkommen leit der al. Se komme by Hoenderdaell, dêr't ek besikers de bisten besjen kinne.

Rôfdiere-opfangsintrum Pantera hopet foar de simmer oer te wêzen. Se ha dan 16 jier yn Aldeberkeap sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)