Haventoer Harns moat opknapt

27 jan 2011 - 12:21
  • De situaasje oan de seekant
  • en oan de oare kant (foto's: Omrop Fryslân)

De gemeente Harns wol dat de haventoer yn har plak yngreven oanpakt wurdt. Yn de haventoer sit ûnder oare de ferkearslieding foar de haventsjinst. De pleisterlaach fan de toer lit los en dêrtroch ûntstean der allegear keale plakken. Opknappen kostet tsientûzenen euro's, mar is trije jier lyn ek al dien. Der leit dêrom no in plan om it gebou foar trije ton te ferbouwen.

De eigners fan de toer hoopje sa yn ien kear fan it probleem ôf te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)