A'dammer bringt auto net werom

In 41-jierrige Amsterdammer is oanhâlden omdat er yn novimber in auto net werombrocht hat nei in proefrit. Hy kaam op 18 novimber by in autobedriuw oan de Skrynmakker op It Hearrenfean foar in proefrit. Der waard in kopy fan syn ID-makke, mar doe't de ferkeaper even net seach pikte de Amsterdammer dat wer mei.
Op 11 jannewaris waard er by in plysjekontrôle betrape op te hurd riden yn de stellen auto. Hy waard oanhâlden foar fertsjustering.