30.000 euro oan himp pakt

27 jan 2011 - 10:53

De plysje hat woansdeitemiddei yn in bedriuwsgebou yn Drachten foar 30.000 euro oan himp yn beslach naam en ferneatige. Trije manlju út Grins, Haren en Drachten binne oanhâlden. Sy wiene yn de kwekerij oan it wurk, dêr't de opbringst lei te droegjen.

Yn Frjentsjer hat de plysje woansdei ek trije man oppakt yn in himpkwekerij. In Ljouwerter, in Wurdumer en in Redúster waarden dêr oanhâlden omdat se op de souder fan in wenning himp kweekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)