Oplichter aktyf yn Dokkum

27 jan 2011 - 10:45

Yn Dokkum binne woansdei minsken by de poat naam troch in man dy't jassen oan de doar ferkeapje woe. Hy sei dat er de minsken nije jassen jaan woe, mar prate de minsken likegoed mei smoesjes 120 euro út de bûse. Doe't de man fuortgie, liet er wat âlde jassen achter. De plysje warskôget foar dit soart praktiken.

De man dy't op de Buitentuin yn Dokkum aktyf wie, is in blanke man fan 1.85 mei donker hier mei in skieding dery. Hy hie in kreas swart pak oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)