Fryske skoallen yn de prizen

It Marnecollege fan Boalsert makket kâns op de priis
Trije skoallen binne nominearre foar de twajierlikse Fryske ûnderwiispriis. De iepenbiere basisskoalle 't Holdersnest fan De Harkema en de kristlike basisskoallen fan Sint Jânsgea en Wikel binne gadingmakker foar it basisûnderwiis.
Foar it fuortset ûnderwiis binne dat it Marne College yn Boalsert, it Drachtster Lyceum en AOC Friesland yn Ljouwert. De winner giet troch nei de finale fan de Nationale Onderwijsprijs.