Twa nije bazen foar Jeugdzorg

Wikselng fan de wacht by Bureau Jeugdzorg
Bureau Jeugdzorg krijt twa nije direkteuren. Direkteur Jan Dirk Sprokkereef wurdt opfolge troch Marianne Sinot en Jeanette Nijland. Sy binne no beide sektormanager by de ynstelling.
Sinot komt út it ûnderwiis, mar hat lang in direkteursfunksje by de Friesland Bank hân. Nijland wurket al 25 jier by Bureau Jeugdzorg en hat de lèste jierren ferantwurdlik west foar it meldpunt bernemishanneling en de spoedeaskjende soarch.