Ferskraling biblioteken driget

Problemen foar bibleteken yn Tytsjerksteradiel
It biblioteekwurk fan Tytsjerksteradiel ferskralet slim as de gemeente de besuniging trochset. Dat sil direkteur Anne Tiemersma tongersdeitejûn foarhâlde oan de ried.
Tytsjerksteradiel moat 3 miljoen besunigje en wol dêrom 2 ton minder útjaan oan de bibliotheken. Tiemersma tinkt dat dan de festigings yn Gytsjerk en Hurdegaryp ticht moatte en dat de bibliobussen ek ferdwine moatte. De polityk praat tongersdei oer de takomst fan biblioteken.