Seldsume flinter oerwintert

27 jan 2011 - 07:36

Yn de struken by de iisbaan fan Wolvegea binne dizze wike grutte oantallen aaikes fûn fan in seldsume flintersoart. Yn de wylde prommestruken binne mear as 150 aaikes fan de sleedoornpage fûn. Fan dizze seldsume soart binne yn Nederlân noch net earder safolle aaikes byinoar fûn.

De flinters wurde simmerdeis by Wolvegea sjoen, dêrom binne meiwurkers fan de Vlinderstichting op syk gien nei de aaikes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)