Keamerfragen oer treinkaartsje

Keamerleden fine dat ek de NS-kaart yn Arriva treinen brûkt wurde mei
De Twadde Keamerleden Van Gent fan GrienLinks en Monasch fan de PvdA wolle dat ferfiersmaatskippij Arriva ferplichte wurdt om de NS-koartingskaarten te akseptearjen. Se hawwe minister Schulz van Hagen fan ynfrastruktuer woansdei dêroer om opheldering frege. Yn de treinen fan Arriva wurdt de NS-koartingskaart net akseptearre as OV-chipkaart.
Reizgers dy't in kaart fan de NS hawwe, moatte dêrneist noch in kaart fan Arriva keapje.