Tûzen dielnimmers reedrydles

26 jan 2011 - 19:55

De reedrydskoalle fan de iishal yn Ljouwert hat al tûzen ynskriuwings binnen foar syn reedrydlessen. Noch nea earder wiene der safolle bern en folwoeksenen yn ien seizoen dy't les ha wolle. Neffens de iishal hat dat foar it grut part te krijen mei de lange froastperioade ein ferline jier.

Neist de eigen reedrydskoalle binne der dit seizoen ek sa'n seistûzen skoalbern dy't yn de Ljouwerter hal har earste streken op it iis sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)