Berop Lemsterlân tsjin mûnen

Lemsterlân wol gjin 95 meter hege wynmûnen flak foar de kust
De gemeente Lemsterlân giet yn berop tsjin it wynmûnepark dat boud wurdt yn de Noardeastpolder. Foaral de seis wynmûnen fan 95 meter heech dy't foar de kust fan De Lemmer komme, binne neffens de gemeente in probleem.
Neffens Lemsterlân hat der net genôch oerlis west tusken Den Haach en de gemeente en is der net goed harke nei de sjenswize dy't troch de gemeente yntsjinne is.