Flylân: oefening mei bommen

© Omrop Fryslân
F16-jachtfleantugen sille nije wike oefenje mei it smiten fan echte bommen op Flylân. De bommen mei eksplosive lading wurde smiten op oefenlokaasje De Flyhors. Der sille nei alle gedachten 16 bommen fan it type MK82 falle, saneamde 500 pûners.
De Flyhors is yn ferbân mei de oefening ticht foar it publyk. It terrein wurdt ôfset mei linten en der binne reade flaggen. Der wurdt ek rekken hâlden mei de lûdsbelesting. Der wurde ferskate mjittings dien.