Universiteit foar Fryslân

26 jan 2011 - 15:33

Fryslân krijt wer in universiteit. Provinsjale steaten ha dêr woansdei 16,4 miljoen foar útlutsen. De universiteit fan Frjentsjer is yn 1811 tichtgien. De nije universiteit moat in netwurkuniversiteit wurde, dêr't ek it bedriuwslibben in rol by spilet.

De universiteit sil opliedings oan HBO-studinten oanbiede oer ûnderwerpen dêr't Fryslân goed yn is. Twa CDA'ers, wêr ûnder Rendert Algra, stimden tsjin it foarstel. Algra fynt de finansjele ûnderbouwing fan it plan ûnfoldwaande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)