Gaslekkaazje by Jutryp

26 jan 2011 - 15:26

Oan de Riperdyk tusken Snits en De Lemmer is op dit stuit op 'e hichte fan Jutryp in gaslekkaazje. By wurksumheden is in gaslieding stikken lutsen. De brânwacht en de minsken fan Enexis binne drok dwaande it lek te tichtsjen.

De brânwacht hat fiif huzen ûntromme. De dyk is ôfsletten, it ferkear moat oer in ruilferkavelingsdyk omride. Enexis ferwachtet dat it lek foar fjouwer oere wer ticht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)