Spanning by de Bocuse d'Or

26 jan 2011 - 14:25
  • It fiskgerjocht dat Poldervaart tiisdei makke

De spanning yn it Frysk/Nederlânske kamp yn Lyon rint woansdeitemiddei op. Oer in pear oeren wurdt dúdlik hoe't sy it dien hawwe by de striid om de Bocuse d'Or, it offisjeuse wrâldkampioenskip itensiede foar koks.

Woansdeitemoarn wie der even tiid om werom te sjen mei de Fryske dielnimmers Marco Poldervaart en Jan Smink. Sy slaggen der goed yn om yn in gekkeboel mei in soad leven en publyk kalm te bliuwen en in goed miel iten op tafel te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)