Caravana lûkt 52.000 minsken

26 jan 2011 - 12:39

De seisdaachse kampearbeurs Caravana yn it WTC yn Ljouwert hat dit jier in rekôrtal besikers lutsen. Mear as 52.000 minsken ha der dit jier west. Dat wiene der 300 mear as yn 2010.

De beurs waard dit jier foar de 51e kear hâlden. Neffens de organsaasje wiene de besikers goed te sprekken oer it oanbod fan caravans, campers en tinten, mar ek oer de fakânsjebestimmingen. Opfallend dit jier wie dat folle mear minsken fan bûten Fryslân de beurs besochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)