Oentsjerk net by Dairy Campus

26 jan 2011 - 12:17

De opset en start fan 'e nije Dairy Campus yn Ljouwert rint in dûk op. De Aeres Groep, de eigner fan praktykskoalle PTC+ yn Oentsjerk, docht net mear mear oan de Dairy Campus mei.

Dat waard woansdei dúdlik krekt foar it ûndertekenjen fan de startoerienkomst foar dit projekt fan 20 miljoen euro yn Ljouwert. Dy ûndertekening gie op it lêste momint net troch. De Dairy Campus betsjut in grutte útwreiding by Nij Bosma Zathe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)