Fyftjin tips oer ferkrêfter

26 jan 2011 - 09:56

De plysje hat tiisdei fytjin tips binnenkrigen oer Pascal Gelen (37), dy't socht wurdt foar in ferkrêfting yn 2001. Gelen hat doe de 11-jierrige dochter fan syn freondinne seksueel misbrûkt. It famke rekke yn ferwachting en krige yn 2002 in poppe. Yntusken wie Gelen útnaaid nei Tailân.

De plysje hat fan alles besocht om de man op te pakken mar dat slagge net. Yn 2006 kaam er yn opspraak omdat er út Tailân wei Nederlanners oplichte. It is net bekend wêr't Gelen no sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)